Nij plak foar skoalbern Surhuzum

26 feb 2002 - 00:00

Der is in nije lokaasje fûn foar de bern fan groep fjouwer fan de Johannes Looijengaskoalle yn Surhuzum. De learlingen moasten yn novimber ferline jier út harren lokaal op de boppeferdjipping fan de skoalle omdat it net brânfeilich wie.

Groep fjouwer sit no yn it âlde gebou fan de Rabobank yn it doarp. In prima lokaasje, sa fynt direkteur Dam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)