Marssum wol bushaltes hâlde

26 feb 2002 - 00:00

Doarpsbelang Marssum sil kommende wike om 'e tafel mei NoordNed oer it skrassen fan bushaltes yn it doarp. Sûnt 24 febrewaris rydt de bus út de rjochting Winsum by it doarp lâns omdat de 30 km-sône dêr tefolle fertraging opleverje soe.

Doarpsbelang hat al in soad reaksjes krigen fan teloarstelde passazjiers. NoordNed besjocht de rûte no noch ris.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)