Heldoorn boargemaster Opsterlân

© Omrop Fryslân
Deputearre Sicko Heldoorn wurdt de nije boargemaster fan Opsterlân. De rie gie moandei akkoart mei it útstel fan de fertrouwenskommisje, dy't Heldoorn op it earste en âld-boargemaster Brommet fan Oostburg op it twadde plak set hie.
De minister moat noch akkoart gean mei dizze kar. Om't no beneamd wurdt fia in nije proseduere, sil dat lykwols nei alle gedachten gjin problemen jaan.