Vader Abraham sjongt Frysk

© Omrop Fryslân
Vader Abraham nimt in ferske yn it Frysk op. It giet om de Fryske oersetting fan 'Het kleine café aan de haven', dat ek wol it twadde folksliet fan Nederlân neamd wurdt.
Platebaas Wobbe van Seijen nimt in mini-cd op mei Vader Abraham, dêr't it nûmer op komt te stean. It is de earste kear dat Pierre Kartner in Frysk nûmer opnimt. De cd is ein april te keap.