Tsjerketerreur yn Drachten

25 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De gereformearde tsjerke oan 'e Middelwyk yn Drachten is oerlevere oan de Filistijnen, sa liket it. Foar it fyfde wykein waard it gebou fernield.

Unbekenden hiene it rút fan 'e tagongdoar ynsmiten en de muorren ûnderspuite mei hakekrusen en joadestjerren. Dûmny Van Benthem is ferbjustere. Hy tinkt dat de dieders út 'e omkriten komme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)