Biikebrennen yn Noardfryslân
In lytse delegaasje Friezen reizge dit wykein ôf nei Noardfryslân foar it Biikebrennen. It 'beaken-baarnen' is in jierlikse tradysje yn it Noarddútske gebiet krekt besuden Denemarken. Alle doarpen hawwe in grut fjoer.
Yn Risem-Loonham fierde de pleatslike toanielferiening in stik op yn it Mooringer Frasch. In goed hûndert taskôgers seagen de foarstelling.