Sliepende bern oan brân ûntkaam

25 feb 2002 - 00:00

Twa bern fan 7 en 14 jier út Wytgaard binne mei klachten fan benaudens opnommen yn it sikehûs. Se hiene reek ynaseme by in brân yn harren wente oan de Meeskeshôf.

De brân ûntstie op de boppeferdjipping troch in televyzje dy't op 'stand-by' stie. De bern leine boppe te sliepen, mar koene op 'e tiid út 'e hûs helle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)