Winst foar Formido Flyers
De iishockeyploech Formido Flyers fan it Hearrenfean hat sneon mei 4-1 wûn fan de Diamant Trappers út Tilburch. Brad Englehart wist twa kear te skoaren foar de Flyers.
Lester Arts en Ryan Lounsbury wiene goed foar de oare twa punten. Utblinker wie keeper Marcel Nijland. De Flyers binne no wis fan de play-offs dy't nije wike út ein sette.