VVD: 'Wâldwei moat klear yn '05'

24 feb 2002 - 00:00

De VVD wol minister Netelenbos har hâldt oan de ôfspraak om de Wâldwei uterlik yn 2005 te ferdûbeljen. Neffens wurdfierder Hofstra hat de minister dêr hurde útspraken oer dien.

Hy tinkt dat de keamer opnij oer de ferbining Ljouwert-Drachten prate sil, mar fan útstel wol Hofstra neat wite. De alarmearjende berjochten oer in grut tekoart oan jild fynt hy oerdreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)