Top Oss - Cambuur: 0-3

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn de earste oerwinning sûnt de winterstop helle. Yn Oss, tsjin Top waard it 0-3. De earste goal kaam op namme fan Kenan Durmusoglu, út in frije traap yn de 38e minút.
Yn de twadde helte koe Jan Bruin profitearje fan in misbegryp tusken Top-ferdigener Heezen en keeper V.d. Dungen. Yn blessueretiid makke Bruin in moaie kombinaasje fan V.d. Heide en Hernandez ôf.