Woudagemaal draait wer

23 feb 2002 - 00:00

It Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal by de Lemmer opnij oanset, fanwege al it reinwetter dat fallen is en de kommende dagen ek noch falle sil.

It wetter yn it boezem stiet op it stuit 12 sentimeter boppe it doelpeil. It Wetterskip kin min loaze by Dokkumer Nije Silen en Harns. It gemaal by Starum draait al in skoftsje. De ferwachting is dat beide gemalen noch even oan bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)