Akkoart oer regeling Koudenburg

22 feb 2002 - 00:00

De gemeente Menameradiel hat oerienstimming berikt mei gemeentesekretaris Koudenburg oer de ein fan dy syn tsjinstferbân.

Koudenburg syn posysje kaam faai te stean troch de problemen op it gemeentehûs. Syn funksjonearjen soe de oarsaak wêze fan de minne ferhâlding tusken bestjoer en amtners. Koudenburg stie al in skoftke op non-aktyf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)