Snitser swier mishannele
In 27-jierrige ynwenner fan Snits is freedtemoarn slim ferwûne rekke. It is noch ûndúdlik oft dat bard is by in fjochtpartij of troch mishanneling.
De man waard fûn yn in portyk oan de Heemstrastrjitte. Hy wie ferwûne oan de holle en siet ûnder it bloed. De man wie net oansprekber. Hy is opnommen op de intensive care yn it sikehûs yn Snits.