Diskusje oer oanlis sintrale as

© Omrop Fryslân
Der moat in oerlisorgaan komme foar de ûntsluting fan noardeast Fryslân. Dat fine de doarpsbelangen fan Ikkerwâld, Broeksterwâld, Dantumawâld en de Falom.
Se wolle dat der better kommunisearre wurdt oer de plannen foar de sintrale as tusken Dokkum en Nijegea. De leefberens fan de doarpen moat der net ûnderstrûpe. Ek moatte de prosedueres net ferkoarte wurde, fine de doarpsbelangen.