Spul oer ferkiezingsposters
Spul oer it plakken fan ferkiezingposters yn Ljouwert. De Nieuwe Leeuwarder Partij, de NLP, beskuldiget de VVD derfan dat de liberalen yllegaal ferkiezingsbuorden delsette yn de stêd. De NLP wol dêrom dat de VVD oanpakt wurdt.
Wethâlder Brok fan de VVD ûntkent de beskuldiging. It plakbedriuw hat gewoan in fergunning, sa seit hy.