Westra no 6e yn Parys-Nice

07 mrt 2012 - 17:07

Lieuwe Westra is wer in plakje klommen yn it klassemint fan de etappekoers Parys-Nice. Yn de fjirde etappe oer 183 km fan Brive-a-Gaillarde nei Rodez kaam de 29-jierrige Tynster as tredde oer de streek. De sprint fan it úttinne peloton waard wûn troch Gianni Meersman, foar Grega Bola. Troch de fjouwer bonifikaasjesekonden klimt Westra no nei it sechsde plak. De achterstân op lieder Bradley Wiggens is mar achttjin sekonden. Parys-Nice duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)