Wer gevelplaat fan Achmea-toer

22 feb 2002 - 00:00

Der is freedtemoarn wer in gevelplaat fan de Achmea-toer yn Ljouwert ôfwaaid. It giet om in plaat dy't healwei de toer siet. Der binne gjin ûngemakken bard.

Neffens Arzjitekteburo Bonnema kinne der wol mear platen nei ûnderen komme. Sa'n 50, 60 platen soene los sitte. Op 28 desimber kaam der ek al in gevelplaat del. Boargemaster De Boer wol dat de toer folslein ynspektearre wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)