Fish Company makket trochstart

21 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der komt definityf in trochstart foar de Fish Company yn Harns. Op 31 jannewaris waard it fiskferwurkingsbedriuw fallyt ferklearre. Foar 13 fan de 64 meiwurkers waard ûntslach oanfrege.

Oarsaak foar it fallisemint wie neffens de direksje de ekonomyske delgong nei de oanslaggen yn Amearika. Hoe folle minsken nei de trochstart oan it wurk bliuwe kinne is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)