Kowemerk wer los yn FEC
Tongersdei is yn it FEC foar it earst sûnt in jier wer in kowemerk holden. De tongblierkrisis hat noch hieltyd syn neisleep yn de feehannel. Sa meie allinnich mar kij ferhannele wurde foar de slacht en der mei mar hiel beheind fee ferfierd wurde troch it lân.
De oanfier wie tongersdei aardich, mar de prizen foelen noch ôf. Dochs wiene de hannelers optein oer de nije start.