'Multy-kulty' sintrum iepene
De sechstich ferskillende nasjonaliteiten dy't yn Ljouwert wenje, kinne tenei op ien plak telâne. Minister Van Boxtel iepene woansdei it nije multyfunksjonele sintrum oan de Foarstreek.
It is de bedoeling dat auto- en allochtoanen inoar dêr moete kinne. It inisjatyf kaam fan ferskillende allochtoane organisaasjes. It projekt koste 350.000 euro.