Tafersjoch op haukenêsten

20 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der komt skerper tafersjoch op haukenêsten. De plysje wol it leechrôvjen fan de fûgelnêsten yn maaie te foaren komme. De jonge fûgels wurde fuort ringe sadat it liket oft se fokt binne.

Hannelers ferkeapje de bisten dan troch nei it bûtenlân. Se bringe 600 euro op. Mei de Algemiene Ynspeksjetsjinst wol de plysje dizze praktyk yn Fryslân keare.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)