Friezen yn Wâldhúske Arnhim?

© Omrop Fryslân
Trije Fryske húshâldings dogge mei oan de seleksjedei fan it Iepenloftmuseum yn Arnhim. Dat siket in famylje mei fiif bern om in wykein yn in orizjineel Wâldhúske te wenjen. Dêrby wurde se observearre troch kamera's, sa't de bylden live te sjen binne fia ynternet.
De lanlike seleksjedei is 9 maart. De famylje moat harren ûnderfinings oerbringe kinne op in grut publyk.