Primeur fan mitselrobot

© Omrop Fryslân
In wrâldprimeur foar in boubedriuw yn Ljouwert: dat is de kompjûterstjoerde mitselrobot. Burggraaff hat de robot yn it nije fabryk te stean. By de iepening yn april wurdt 'er' yntrodusearre.
Burggraaff makket prefab-huzen, wenningen dy't al yn it fabryk yn elkoar set wurde. Mei de robot kin ien hûs deis makke wurde. De masine kin 1300 bakstiennen per oere meitsje.