Boargemaster: foaral stimme

© Omrop Fryslân
Boargemaster Hartkamp fan Snits ropt de ynwenners fan 'e gemeente op dochs foaral te stimmen. Hy docht dat yn in persoanlik brief oan alle 25.000 stimgerjochtigden.
Stimme is neffens de boargemaster 'sûn foar de demokrasy'. By de foarige kear brocht krekt wat mear as de helte syn stim ek echt út. Taheakke by it brief is in list mei alle 106 kandidaten.