Azc oan eastkant fan Akkrum

20 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In azc oan 'e eastkant fan Akkrum en yn 'e takomst ek ien yn Grou. Dêr gie de gemeenteried fan Boarnsterhim tiisdei mei akkoart. In stim fan it CDA joech de trochslach: Om't in PvdA'er ôfwêzich wie, drige der gjin mearderheid te wêzen. It CDA stimde doe dochs mar foar.

Mei it beslút liket in ein kommen te wêzen oan in langduorjende proseduere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)