Gemeente kin Saïd net helpe

19 feb 2002 - 00:00

De gemeente Wymbritseradiel kin neat dwaan foar de Koerdyske famylje Saïd, om't se bûn binne oan lanlike regels. De famylje dy't yn Skearnegoutum wennet, moat werom. Neffens it regear is Koerdistan no feilich, mar Saïd is bang foar syn libben yn syn heitelân.

Ynwenners út it doarp wolle dat de asylsikers yn alle gefallen oant de Twadde-Keamerferkiezings bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)