Glêdens troch feefoer op de wei

19 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In frachtwein hat moandei op de wei Ljouwert - It Hearrenfean feefoer weitôge. By Goutum rûgelen twintich pûden fan 'e auto ôf. Guonts rekken stikken en it spul op 'e wei feroarsake glêdens.

It ferkear waard oer ien weihelte laat, wat foar in file soarge. De sjauffeur krige in bekeuring. Rykswettersteat hat de wei wer skjinmakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)