Mear boetes foar hurd riden
Friezen krigen ferline jier twa kear sa faak in boete foar te hurd riden as yn it jier 2000. Dat makket it CJIB bekend. De teller stiet op 260.000, it jier dêrfoar wie it 153.000.
Der waard ek faker troch read riden en fout parkeard. Oer it hiele lân dielde de plysje goed 9 miljoen bekeurings út, in taname fan 16 prosint.