3 kear brûns op NK judo

17 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske dielnimmers behellen sneon trije kear brûns op it NK judo foar junioaren yn Snits. Tsien Friezen ferskynden op de matte.

De medaljes wiene foar Sandra de Hoop (15) yn 'e kategory oant 48 kg en Miranda Huizinga foar dy oant 52 kg. By de jongemanlju waard Ultsje Postma (19) treds. De oare Fryske jonges leveren gjin opfallende prestaasjes.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)