Hearrenfeaner mishannele

17 feb 2002 - 00:00

In ynwenner fan It Hearrenfean is freedtenacht mishannele yn syn wenplak. By in bushokje oan 'e Ds. Kingwei krige er in klap yn 'e nekke en in skop yn 'e ribben fan twa Ingelskpratende manlju.

It slachtoffer rekke eefkes út 'e tiid, mar koe dochs noch de plysje warskôgje. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje siket tsjûgen fan it misdriuw. Jo kinne belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)