Aksje tsjin autohannel by de dyk

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Achtkarspelen wol de autohannel oan 'e iepenbiere dyk weromkringe. In soad boargers hawwe argewaasje fan 'e rigen twaddehâns auto's. Dêrom moat de gemeente dúdlike grinzen stelle, sa mient de partij.
Konsintraasje fan de autohannel op bedriuweterrein is nedich. De gemeente moat strang wêze tsjin hannelers dy't harren net oan 'e regels hâlde.