Merk foar slachtfee wer iepen
Nei in jier set tongersdei de wyklikse merk foar slachtfee yn Ljouwert wer út ein. De hannel waard stillein fanwege de tongblier. De offisjele FEC-feemerk gie fallyt, mar it Frysk Bûn fan Feehannelers naam de saak oer.
Earder al giene de feemerken foar skiep en keallen wer iepen. De feehannelers besykje ek wer in merk foar molkfee op te setten.