Noordned past rûtes oan

© Omrop Fryslân
It iepenbier ferfier yn Fryslân komt yn de knipe trochdat gemeenten hieltyd mear 30 en 60 kilometer-sônes ynstelle. Gemeenten folgje dêrmei it oerheidsbelied 'duorsum feilich'. It Ryk wol dêrmei it tal ferkearsslachtoffers werom bringe.
Bussen hawwe dêr lykwols in soad lêst fan. Se moatte stadiger ride en komme te let op it plak fan bestimming oan. Noordned wol no guon rûtes oanpasse.