Tekoart keamers jonge asylsikers

© Omrop Fryslân
Der is yn Ljouwert in grut tekoart oan wenrûmte foar jonge asylsikers dy't op harsels wenje wolle. As se 18 jier wurde falle se tenei net mear ûnder de jeugdbeskerming fan flechtelingen en moatte se harsels rêde.
Der is yn Ljouwert in tekoart oan hierkeamers. Gefolch is dat de jonge asylsikers nei in oare provinsje ferhúzje moatte en dat smyt ekstra problemen op.