Plysje wreidet fytseferkeap út

15 feb 2002 - 00:00

De Ljouwerter plysje biedt sûnt 1 febrewaris 3 dagen yn de wike fytsen te keap oan yn de fytsestalling op it Ruterskwartier. It giet om fytsen dy't troch de plysje fûn of yn beslach naam binne.

Earder waarden dizze fytsen mar ien kear yn de trije moanne te keap oanbean. Minsken dy't in fyts kwytrekke binne en in oare fyts keapje wolle, moatte wol har oanjeftebewiis meinimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)