Gemeentehûs Menaam ferhuzet

15 feb 2002 - 00:00

Menameradiel bout it nije gemeentehûs op in oare lokaasje as it hjoeddeiske. It nije kantoar komt oan de oare kant fan de trochgeande dyk, skeef foar it besteande gebou oer. In gebou fan iepenbiere wurken en in pleats moatte dêrfoar sloopt wurde.

It monumintale diel fan it besteande gebou bliuwt yn gebrûk foar rieds- gearkomsten en trouwerijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)