Soad besikers Fortuyn-webside
De oanbieder fan de webside www.lijstfortuyn.nl kin it grutte tal besikers hast net mear oan. Sels doe't noch net bekend wie wat de namme fan de nije partij fan Fortuyn wurde soe, rûn it al stoarm.
De namme fan de side is op 6 septimber claimd troch in anonym persoan by in ynternetbedriuw op 'e Harkema. Der wurdt ek tocht dat Fortuyn sels dy man is.