Bern oanjaan yn sikehûs

14 feb 2002 - 00:00

Oanjefte dwaan fan in soan of dochter kin tenei ek yn it sikehûs yn Ljouwert. Yn it MCL-Noard is dêr tongersdei in spesjaal loket foar iepene. De twilling Jorrit en Jurre Alkemade binne as earsten registrearre.

Yn it sikehûs komme jierliks 1800 bern op 'e wrâld. It nije loket is in ekstra service oan de âlden. Sa kin de mem no ek sels oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)