Struktureel jild foar Oskar

© Omrop Fryslân
Oskar krijt struktureel ekstra jild fan de gemeente. De ried hat dit útstel fan it kolleezje woansdei oernommen. Om de lokale omrop fan Skarsterlân yn de loft te hâlden, stelt de gemeente in jierlikse bydrage fan hast 47000 euro beskikber.
Oan de subsydzje stelt de gemeente in tal betingsten. Sa moat de omrop foar de simmer mei in beliedsplan komme.