VVD lilk oer lokaasje De Poel
De VVD-fraksje fan Nijefurd is it net iens mei de gong fan saken om de oanlis fan it bedriuweterrein De Poel by Koudum hinne. De fraksje woe in oare lokaasje. De ried woe dat earst ek, mar gong dochs akkoart mei it plan.
Der wiene petearen mei de provinsje oer in oare lokaasje. De VVD fynt it frjemd dat it plan foar de ferkiezings troch de ried moast.