Twadde kear legionella yn Balk
Yn sporthal De Trieme yn Balk is foar de twadde kear legionella konstatearre. De dûsen binne sluten en de húsdokters binne warskôge.
Trije wiken lyn binne alle liedingen skjinspuite. De baktearje hie dêrnei fuort wêze moatten. Alles wurdt ûndersocht om de oarsaak te achterheljen. Der komt in nije boiler om it wetter yn beweging te hâlden.