Frisia mei dochs sâlt winne

© Omrop Fryslân
Sâltfabryk Frisia mei fan de provinsje har sâltwinnings-aktiviteiten by Harns wol útwreidzje. Betingst is wol dat de eventuele skea dy't de winning feroarsaakje sil tefoaren goed regele is.
Dat moat fia de mynbou-wet, dy't op it stuit yn de twadde keamer besprutsen wurdt. Lykas bekend smyt sâltwinning boaiemdaling op. Yn it gebiet om Harns hinne is dêr in soad ûnrêst oer.