Arriva krijt ferfier SE-hoeke

13 feb 2002 - 00:00

Arriva hat tastimming fan de provinsje Fryslân krigen om ek de kommende jierren it iepenbier ferfier yn de súdeasthoeke te fersoargjen.

In klantepanel woe leaver Connexxion ha, mar neffens Deputearre Steaten soarget Arriva foar mear haltes en lijnen en wurde alle doarpen fan 250 of mear ynwenners fersekere fan goed iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)