VVV's: mear gearwurkje

© Omrop Fryslân
De VVV's op de Waadeilannen sille yntinsiver gearwurkje. Dat hawwe de fiif direksjes fan de eilannen tiisdei ôfpraat. Wylst de Waadfederaasje dit jier tritich jier bestiet, kin de gearwurking wat it jaan fan ynformaasje oangiet, noch altyd better.
Dat die bygelyks bliken by de útbraak fan tongblier. Doe bleaunen Dútse fakânsjegongers manmachtich út eangst fuort.