Gjin wynmûnen by Wytgaard

12 feb 2002 - 00:00

By Wytgaard komt definityf gjin wynmûnepark. Dat beslút hat de Ljouwerter ried moandei nommen. De bewennners reagearren mei applaus. Se ha har jierrenlang tsjin de komst ferset. In tal boeren yn de buert woenen de mûnen wol graach ha.

De gemeente Ljouwert lit ûndersykje oft der wynmûnen pleatst wurde kinne by it yndustryterrein Newtonpark. Dat is yn it suden fan de haadstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)