Kealledykje dochs opknapt
It Kealledykje yn Ljouwert wurdt dochs noch opknapt, wylst der ek plannen lizze foar in nij swimbad. De ried fynt dat der neist de Blauwe Golf noch in folweardich swimbad yn de haadstêd wêze moat.
In soad partijen hienen krityk op it kolleezje oer de kwestje fan it Kealledykje. Dit swimbad soe diel útmeitsje fan in sportpark dat der net kommen is.