Djoere amtnerij yn Kollumerlân?

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân is aardich wat mear kwyt oan amnters as oars, sa hat VVD'er Bosma besifere. De lêste twa jier binne de leankosten mei 20 prosint omheech gien.
Amtner Monsma hat wol in ferklearring foar dy taname: der binne gewoan mear personielsleden. Wat ek meispilet, is de leansferheging, nedich om better oanslute te kinne by it bedriuwslibben.