Nij ynterieur Fogelsanghstate

© Omrop Fryslân
Fogelsanghstate yn Feankleaster krijt jild fan de gemeente Kollumerlân. Foar de ynrjochting fan de monumintale state ta museum lûkt de gemeente goed 100 tûzen euro út.
Earder al krige Fogelsanghstate 150 tûzen euro foar de renovaasje fan it gebou sels. De state sit op 't heden midden yn 'e ferbouwing. De opknapbeurt kostet 3 miljoen euro.