Philips wol produksje yn Sina
Philips sil yn Sina út ein sette mei de produksje fan ûnderdielen foar trijekopsskearapparaten. Oant no ta waarden dy ûnderdielen allinnich by Philips yn Drachten makke.
Neffens in wurdfierder hat de produksje yn Sina op koarte termyn gjin gefolgen foar de festiging yn Drachten. Philips ûndersocht al in skoftke de mooglikheid om yn Sina te produsearjen.