Hôf bûcht him oer Puttense saak

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter gerjochtshôf is moandei begûn oan de weriepene Puttense moardsaak. It hôf hat de earste tsjûgen en tsjûgedeskundigen heard.
It hôf moat útsykje oft twa sweagers ûnterjochte fêstsitten ha yn de saak, ien fan de bekendste strafsaken yn Nederlân. Ald-kommissaris Blauw hat it ûndersyk dat late ta feroardieling fan de sweagers 'ûnprofesjoneel' neamd.